Sneon 17 desimber wie de finale fan it FeRstival yn it Posthuistheater op It Hearrenfean. 

Seis learlingen fan ús skoalle hienen harren hjirfoar pleatst. By de trochsetters: Jelienke Holwerda, Hanna Sixma en Grieteke Schrama. Bij de toppers: Monisha v.d. Veen, Hannah Marije Vlieg en Sjirk Boonstra.

Us dielnimmers oan de wedstriid FeRstival 2022

It wie spannend, mar oan ’e ein fan ’e middei koenen der trije prizen yn ûntfangst naam wurde. By de trochsetters hie Jelienke de tredde en Grieteke de twadde priis. By de toppers hat Monisha de tredde priis fertsjinne. Al mei al wer in geweldich risseltaat!